Hanna Tlustochowics mooglik bêste buorfrou fan Nederlân

03 jun 2015 - 16:04

Hanna Tlustochowics út Ljouwert is dizze wike keazen ta bêste buorfrou fan Fryslân. Hanna wennet yn de wyk Heechterp-Skieringen en is troch har útferkiezing yn de race foar bêste buorman of -frou fan Nederlân. Neffens Buurtlink dat de ferkiezing organisearret soarget se foar positive enerzjy yn de buert en hâldt se al mear as 20 jier de portyk skjin. Boppedat jout se buorlju geregeld griente en fruit út har eigen túntsje.

Oant 17 juny kin der noch stimd wurde foar bêste buorfrou as man fia de webside buurtlink.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)