Harnzer fernielt pinapparaten by de McDonald's

03 jun 2015 - 14:11

De plysje yn Harns hat tiisdei in 36-jierrige Harnzer oanhâlden foar it fernielen fan twa pinapparaten yn de McDonald's oan de Fahrenheitstrjitte yn Harns. De man wie net tefreden oer de ôfhanneling fan in klacht. Hy smiet mei iten nei de meiwurkers en fernielde de apparaten. Hy is meinaam nei it plysjeburo, dêr't proses-ferbaal opmakke is. Dêrnei is de man nei hûs stjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)