Temin opfangplakken foar slachtoffers loverboys

03 jun 2015 - 14:04

Der is temin plak yn opfangsintra foar slachtoffers fan loverboys. Fier Fryslân dy't har ynset foar dizze famkes liedt dêroer de needklok. It tal slachtoffers fan loverboys nimt noch hieltiid ta, sa'n 70% fan de jonge froulju dy't se opfange sit yn de sitewaasje dat se twongen wurde ta prostitúsje. Der binne op dit stuit wachtlisten en dêrtroch reitsje dizze famkes wer yn de problemen.

Fier Fryslân docht in oprop oan gemeenten om mei mear jild te kommen foar mear en bettere opfang fan dizze famkes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)