Gemeentekongres tsjin it winnen fan skalygas

03 jun 2015 - 13:42

Op it jierkongres fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten is woansdei in moasje tsjin de winning fan skalygas oannaam. De moasje kaam fan de gemeenten Boxtel en Noordoostpolder. De PvdA yn Súdwest-Fryslân frege yn it foar syn kolleezje fan b. en w. de moasje te stypjen, omdat de partij benaud is dat eventuele winning ek yn Súdwest-Fryslân dien wurde sil.

Op it kongres is ek in opfolger fan foarsitter Annemarie Jorritsma keazen, de âld-ynwenster fan Boalsert wurdt as foarsitter opfolge troch Jan van Zanen, de boargemaster fan Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)