Friezen binne hiel tefreden oer de eigen provinsje

03 jun 2015 - 13:34

Ynwenners fan Fryslân binne tige te sprekken oer de eigen provinsje. Lanlik sjoen skoare wy dêrmei in tredde plak. Allinnich ynwenners fan Seelân en Drinte binne noch mear tefreden oer de eigen provinsje. De Friezen binne benammen grutsk op it Frysk en de kultuer, mar ek de natoer spilet in grutte rol yn de populariteit.

Bewenners fan grutte stêden wurdearje it wenplak minder as dy út lytsere stêden. De stêd Ljouwert skoart ek goed by de eigen ynwenners. Yn grutte stêden wurdt benammen klage oer ûnfeiligens en ûnrêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)