Skûtsjeskipper Hidzer Meeter (67) ferstoarn

03 jun 2015 - 12:55

Ald-skûtsjeskipper Hidzer Meeter is moandei hastich ferstoarn, hy is 67 jier wurden. Soan Lodewyk Meeter skriuwt op Facebook dat hy en syn famylje lamslein binne troch it ferlies fan harren heit. Foar him wie Hidzer Meeter net allinnich in heit, mar ek syn 'steun en toeverlaat'. Hidzer Meeter wie de soan fan de ferneamde skûtsjeskipper Lodewijk Meeter fan Huzum en heit fan SKS-skippers Lodewijk (Huzum) en Johannes (Langwar). Sels wie hy jierren skipper fan it Earnewâldster skûtsje, letter stapte hy oer nei de IFKS.

Hidzer Meeter wurdt sneon begroeven. Dêrom hat it bestjoer fan de Stichting Sneker Pan besletten de Waterpoortrace op dy dei net trochgean te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)