Ljouwerter stasjon skansearre troch ynbraak

03 jun 2015 - 11:11

Ynbrekkers hawwe tiisdeitenacht harren slach slein op it stasjon yn Ljouwert troch fia it dak der yn te kommen. Se hawwe in rút brutsen en dakplaten stikkenmakke. Troch it dak koene se yn de Etoswinkel komme. De ynbrekkers hawwe allerhanne guod út de winkel meinommen.

Hoe grut oft de skea krekt is, is noch net bekend. In part fan it stasjon, ûnder it stikkene dak, is tydlik ôfsletten foar reizgers.

Trefwurden: 
ynbraak stasjon ôfsletten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)