Tom Mercuur fynt 'ferlern skilderij' Jan Mankes werom

03 jun 2015 - 11:05

In bysûnder skilderijke dat de Fryske skilder Jan Mankes yn 1910 skildere hat, is werom fûn. It stik neamd 'De heuvel in Brongerga' wie lange tiid fuort. It wurdt no troch in partikulier te keap oanbean by in galery yn Blaricum.

Ald-direkteur Thom Mercuur fan museum Belvédère ûntduts it skilderijke. Op it wurkje fan 13 by 11 sintimeter stiet it plak by Oranjewâld dêr't Mercuur yn 2004 it Belvédère-museum bouwe liet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)