Lytse klusbedriuwen hawwe it smoardrok

03 jun 2015 - 09:55
  • Klusbedriuwen hawwe in bysûnder drokke maaitiid

Lytse klusbedriuwen hawwe it op it stuit smoardrok. Yn Fryslân hawwe in soad ienmansbedriuwen it oer in gekkeboel. Ze drave fan de iene nei de oare put en moatte hieltyd faker 'nee' ferkeapje. Ut sifers fan it CBS (Centraal Bureau foar de Statistiek) docht bliken dat it oantal opdrachten al sûnt it begjin fan dit jier flink tanimt. Dat jildt benammen foar bedriuwen mei minder as tsien meiwurkers. Yn guon gefallen giet it om in omset dy't mei 12% omheech giet.

De drokte komt net allinnich troch de oanlûkende wenningmerk, ek it gruttere optimisme fan konsuminten spilet in rol. De hjoeddeistige drokte komt foaral troch it lege BTW-taryf fan 6%. Fan 1 july ôf giet dat taryf wer nei 21%. In soad minsken wolle dêrom it wurk foar 1 july ôf hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)