Provinsje stimt yn mei it fergassen fan guozzen

02 jun 2015 - 20:05

Deputearre Steaten ha tiisdei grien ljocht jûn foar it fergassen fan skiere guozzen mei CO2. It giet dizze maitiid om hûnderten guozzen dy’t hjir it hiele jier sitte en dus ek briede en in soad skea oanrjochtsje. De guozzen sitte yn de gebieten fan Steatsboskbehear en it Fryske Gea. De natoerorganisaasjes wurkje mei omdat der twa saken tsjinoer stean. As earste is ôfpraat dat men yn ruil foar de meiwurking de guozzen dy't hjir allinnich winterdeis sitte, gewurde litte. As twadde betsjut fergassen de minste oerlêst foar de natoer.

Yn Nasjonaal Park de Alde Feanen fan it Fryske Gea is meikoarten de earste proef.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)