Frijwilligers Tafeltje-Dekje Grou achter de geraniums

02 jun 2015 - 18:06

De frijwillige besoargers fan Tafeltje-Dekje yn Grou sitte tenei thús. Soarchynstelling Noorderbreedte hat it wurk fan dizze moanne ôf útbestege oan itens-service Ding Dong út Hoogeveen. De 24 frijwilligers fan Noorderbreedte misse it wurk no al en boppedat tinke se dat der in stik persoanlike oandacht ferlern gean sil.

De nije besoarger komt mar twa kear yn de wike en kin dan net goed yn de gaten hâlde oft it wol goed giet mei de minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)