Argewaasje oer parkearen op Boerestreek Appelskea

02 jun 2015 - 17:32
  • Mear kontrôle op it parkearen op de Boerestreek

Op de Boerestreek yn Appelskea sille faker parkearkontrôles hâlden wurde. Sûnt de iepening fan it nije plein wurdt der troch automobilisten faak parkeard wylst dit ferbean is. Yn de omkriten fan de Boerestreek kin op guon plakken fergees parkeard wurde.

Neffens wethâlder Derks steure ynwenners, ûndernimmers en toeristen har bot oan de ferkearsdrokte op it plein. De boete foar parkearen op it plein is 90 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)