Stella van Gent nije wethâlder yn Súdwest-Fryslân

02 jun 2015 - 17:00

Stella van Gent wurdt de nije wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Sy folget Sjoerd Tolsma op, dy't per 1 july direkteur Wenjen, Wolwêzen en Soarch wurdt fan de KwadrantGroep. Van Gent wie earder riedslid en fraksjefoarsitter foar de PvdA yn de gemeente Snits. Op 18 maart 2008 naam sy ôfskied fan de gemeentepolityk, omdat sy har mear rjochtsje woe op wurk en húshâlding.

Stella van Gent is no noch sektormanager jeugd, ûnderwiis en kultuer by de gemeente Ljouwert en se is ek belutsen by de organisaasje fan Kulturele Haadstêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)