Omstriden seemyn werom op Flylân

02 jun 2015 - 16:47
  • Myn flakby simmerhúske op Flylân

De âlde seemyn dy't ferline jier maart op Flylân fûn waard en lanlike bekendheid krige fanwege in skeel tusken in plysjeman en in korrespondint fan Omrop Fryslân is werom op it eilân. De plysjeman ferbea him tichteby de útgroeven myn te kommen en drige him syn filmapparatuer ôf te pakken. Goed in jier lyn is de Britske myn skjinmakke en hat in nije laklaach krigen.

It projektyl leit no noch neist it ynformaasjesintrum 'De Noordwester'. Nije wike is er dan te sjen op in eksposysje oer Flylân yn de Twadde Wrâldoarloch.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)