Nije CAO foar meiwurkers feartsjinst Wagenborg

02 jun 2015 - 14:08
  • De Oerd fan rederij Wagenborg by Holwert
  • Wachtsjende passazjiers op de pier fan Nes

De fakbûnen en de direksje fan feartsjinst Wagenborg hawwe in akkoart berikt oer in nije CAO foar de kommende trije jier. Dêryn stiet ûnder oaren in leansferheging fan 1,5 prosint takom jier. Foar dit jier krije de goed 80 meiwurkers ienkear in bonus fan 1000 euro.

Ek binne oare plannen fan de direksje, lykas it skrassen fan in fergoeding foar wykeintsjinsten, fan de baan. De CAO rint oant 1 jannewaris 2018. De leden moatte it útstel noch goedkarre, mar fakbûnen CNV en FNV hawwe der betrouwen yn.

De ôfrûne wiken hawwe meiwurkers fan Wagenborg meardere kearen staakt foar in bettere CAO. Dêrtroch foelen boaten nei It Amelân en Skiermûntseach út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)