Hegere tariven foar gymferienings Ljouwert

02 jun 2015 - 12:58
  • (argyffoto)

De gymnastykferienings yn de gemeente Ljouwert binne de klos, fanwege de nije tariven foar it brûken fan sportakkommodaasjes. Gymleden moatte der rekken mei hâlde, dat se aanst 25 euro yn it jier mear oan kontribúsje kwyt binne. Leden fan oare klups moatte ek mear kontribúsje betelje om de hegere kosten te drukken, mar dat sil om in pear pear euro gean.

Dit is it gefolch fan it op elkoar ôfstimmen fan de tariven yn de gemeente nei de weryndieling.

By sportfjilden jilde twa tariven. As in klup allinnich it fjild brûkt en de klaaihokken net, dan binne se goedkeaper út. Wethâlder Ekhart hat tasein dat der foar ferienings dy't yn de problemen komme in oergongsregeling komme sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)