Stoomboat 'Maarten' bliuwt oan de kade fanwege minne waar

02 jun 2015 - 12:37

Stoomboat 'Maarten' bliuwt tiisdei oan de Willemskade op De Lemmer lizzen. It wie de bedoeling dat de boat nei it Woudagemaal farre soe, mar dat is te gefaarlik troch de hurde wyn.

De 'Maarten' fart de kommende twa wiken yn de baai fan De Lemmer. Besikers kinne meifarre en mei eigen eagen sjen hoe't in stoommasine wurket. Dit inisjatyf is naam, omdat it Woudagemaal allinnich mar draait as it nedich is. Yn augustus sil de 'Maarten' ek wer twa wiken yn de baai farre.

Trefwurden: 
De Lemmer stoomboat Maarten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)