Grinskorreksje Ljouwert/Hearrenfean by Grouster Leppedyk

02 jun 2015 - 12:06

De gemeente Hearrenfean krijt der noch in ekstra stikje Ljouwert by. De wente fan de famylje Poortman oan de Leppedyk út Grou ferhuzet fan de gemeente Ljouwert nei Hearrenfean. Dizze grinskorreksje is al jierren in winsk fan de famylje.

By de weryndieling yn 2013, doe't de gemeente Boarnsterhim opdield waard, hearde harren adres ynienen by Ljouwert. En dat wylst Nes, dêr't de Leppedyk doe by hearde, nei Hearrenfean gie. Alle beswieren fan de famylje Poortman waarden doe fan tafel fage. No, twa jier letter, wurdt oan harren winsk tajûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)