Fryske plysjeburo's om bar oerenlang ticht

02 jun 2015 - 10:55
  • It plysjeburo op It Hearrenfean wie tiisdei oerenlang ticht
  • De aksjebyienkomst op it plysjeburo fan It Hearrenfean

Op It Hearrenfean binne plysjeminsken tiisdeitemoarn útein set mei in estafette-aksje. Om bar slute plysjeburo's yn Fryslân in pear oeren de doarren. It giet ûnder oare om It Hearrenfean, Drachten, Ljouwert, Harns, Dokkum en Snits. De spoedmeldings wurde wol gewoan behannele, ek al is in plysjeburo ticht.

It is de safolste aksje fan de plysje foar in bettere CAO. De fakbûnen easkje mear lean, mar ek mear wurdearring fanút Den Haach foar harren wurk. Eardere aksjes wienen ûnder oaren in lawaaiprotest yn Den Haach en aksjes op de sneldiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)