Freed aksjegearkomste âlden Otto Clantskoalle yn Boksum

02 jun 2015 - 06:10

De âlden fan de Otto Clantskoalle yn Boksum hâlde freed in gearkomste om te praten oer de takomst fan de skoalle. Ferline moanne waard dúdlik dat ûnderwiisgroep Fier fan doel is om de trijtalige-plusskoalle yn it doarp takom jier te sluten. Mar de âlden lizze har der net by del. De Otto Clantskoalle sit mei 25 bern boppe de lanlike ynstânhâldingsnoarm, mar ûnder de hegere noarm fan ûnderwiisgroep Fier.

Foar de gearkomste binne njonken Boksumers ek ferskate politisy útnoege.

Ek learkrêften, de direksje fan Fier en de Stichting Behoud Kleine Scholen wurde op de gearkomste ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)