Noch genôch plak yn fakânsjehúskes op Skylge mei Oerol

01 jun 2015 - 19:25

Minsken dy't noch plannen ha om nei it Oerolfestival op Skylge te gean, kinne dat gerêst dwaan. Want der is plak genôch. Yn fergeliking mei ferline jier om dizze tiid stean der dúdlik mear fakânsjehúskes te hier. Neffens Tineke Meyer fan de VVV is der gjin sprake fan in soarchlike situaasje.

Wol falt har op dat fakânsjehúskes dy't annulearre wurde net fuortendaliks wer ferhierd wurde. Yn oare jierren wie dat wol it gefal. In dúdlike ferklearring foar de trend hat de VVV net.

Meyer tinkt dat minsken wat kritysker binne en faker in pear dagen nei it festival gean yn stee fan de hiele wike. Oeroldirekteur Joop Mulder tinkt dat it kâlde waar fan de lêste tiid ek in rol spilet. Direkteur Paul Melles fan rederij Doeksen sjocht gjin ferskil mei ferline jier. Meyer tinkt dat de fakânsjehúskes de kommende dagen noch wol ferhierd wurde sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)