Gesinshûs op De Harkema wreidet út

01 jun 2015 - 18:50

It saneamde 'Driestroomhuis De Bosk' op De Harkma wreidet út. Wethâlder Gerda Postma fan Achtkarspelen hat dêr moandei de earste peal foar slein. Driestroomhuis De Bosk is in gesinshûs dêr't jongeren mei in beheining wenje as wie it yn in 'gewoane' húshâlding.

Njonken it wenhûs komt in nij gebou mei apparteminten foar minsken dy't relatyf selsstannich wenje kinne, mar wol op ôfstân begelieding beskikber hawwe moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)