Tiisdei gjin sneltsjinst nei Flylân

01 jun 2015 - 16:51
  • De rappe boat fan Doeksen

Der farre tiisdei gjin sneltsjinsten nei it Waadeilan Flylân. Fanwege de waarsferwachting hat Rederij Doeksen besletten om de tsjinsten ferfalle te litten. Der wurde wynstjitten ferwachte fan 90 kilometer de oere. Ek de snelboaten tusken Flylân en Skylge falle út. De sneltsjinst Harns - Skylge fart wol.

It KNMI hat koade giel ôfjûn foar tiisdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)