De Kast fiert jubileum mei nij album en teatertoer

01 jun 2015 - 16:17

De Kast keart werom nei har âlde platemaatskippij CNR. De band fan sjonger Syb van der Ploeg fiert syn 25-jierrich bestean mei in nije teatertoer en in nij album. Dat wurdt útbrocht by CNR, de maatskippij dêr't de Fryske band yn de jierren '90 in soad suksessen hie, lykas In nije dei, Hart van mijn gevoel, Raak en Eltse grins foarby.

De teatertoer fan de Kast begjint ein septimber, it jubileumalbum komt op 2 oktober út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)