Soad minsken by PvdA-debat

03 mrt 2012 - 10:24

It debat sneontemoarn mei de kandidaat-partijlieders fan de PvdA luts safolle minsken, dat it ferpleatst wurde moast nei in gruttere romte yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. De plande romte wie te lyts foar de mear as 300 minsken dy't op it debat ôfkamen.

It debat waard organisearre troch de ôfdieling Ljouwert fan de PvdA. Dy wie fan doel om allinne Lutz Jacobi en Diederik Samsom meielkoar debatearje te litten, mar úteinlik woenen ek de oare trije kandidaten graach meidwaan.

De kandidaat-partijlieders prate dizze wike op ferskate plakken yn it lân meielkoar. Heal maart wurdt bekend wa fan har de foarkar krijt fan de PvdA-leden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)