Ald-Gariper Theo Timmermans hâldt op as keeper Volendam

01 jun 2015 - 15:23
  • De website fan Theo Timmermans

Theo Timmermans ferlit FC Volendam. De keeper en âld-ynwenner fan Garyp hie in kontraktoanbieding foar twa jier fan Volendam, mar Timmermans hat dat njonken him dellein. Volendam slagge der snein net yn om te promovearjen nei de earedivyzje.

Timmermans hat op dit stuit noch gjin nije klup. Earder spile hy foar Snits, Harkemase Boys, FC Grins en Veendam. Hy giet fuort omdat er him fierder ûntwikkelje wol, sa skriuwt er op syn eigen website.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)