Feroarsaker ûngelok socht

03 mrt 2012 - 09:20

De plysje siket de bestjoerder fan in auto, dy't begjin dizze wike in famke oanriden hat. Dat wie op it Súdfliet yn Ljouwert. Doe't it 18-jierrige famke dêr moandei tsjin alven in fytspaad op gean woe, ried der in auto sa ticht lâns har dat se rekke waard en foel. De automobilist ried dêrnei troch.

It famke rûn in kniesde earm en pynlike heup op. De plysje hopet mei help fan tsjûgen de automobilist dochs noch te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)