Stadichoan mear omset yn bousektor, mar meast yn Rânestêd

01 jun 2015 - 11:31

It giet stadichoan better mei de bou. Neffens sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek is de omset yn de bousektor yn it earste kwartaal fan dit jier mei 5 persint tanommen yn fergeliking mei deselde perioade ferline jier. It is it twadde kwartaal op rige dat de omset yn de bou tanimt. De grutste foarútgong is te sjen by de lytsere bedriuwen.

Neffens Marten Cornel, bestjoerslid fan Bouwend Nederland, jildt de ferbettering lykwols benammen foar de Rânestêd. Yn Fryslân giet it ek wol wat better mar lang noch net oeral.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)