Waar en wurk oan de dyk spilet Rondje Kunstzinnig parten

01 jun 2015 - 11:26
  • wurk oan de dyk yn Twizel

It 'Rondje Kunstzinnig', de ôftraap fan de Wike fan de Amateurkeunst yn Achtkarspelen, hat it ôfrûne wykein minder besikers lutsen as de organisaasje hope hie. Keunstkrite seit dat dat feroarsake is troch it minne waar en troch wurk oan ferskate diken yn Achtkarspelen en omkriten. Sa lei de trochgeande dyk yn Twizel der sneon út. Ek wiene der wurksumheden op De Harkema en is de dyk fanút Kollumersweach al langer in probleem.

Keunstkrite hopet takom jier op better waar en in bettere berikberens.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)