Trije kânshawwers foar Gysbert Japicxpriis 2015 bekendmakke

01 jun 2015 - 11:01

De advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2015 hat de shortlist bekendmakke mei trije Frysktalige proazawurken. It giet om Einum fan Froon Akker (pseudonym fan Koos Tiemersma), In kop as in almenak fan Elske Hindriks en Littenser Merke fan Ale S. van Zandbergen.

De Gysbert Japicxpriis is de grutte priis fan de Fryske literatuer. De provinsje Fryslân rikt de priis om de twa jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy. De winner wurdt op 11 septimber bekend makke.

In moanne letter is de priisútrikking yn de Martinitsjerke yn Boalsert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)