Plysjeman trapearret Feanster dy't autobân lekstekt

01 jun 2015 - 10:48

In plysjeman op It Hearrenfean hat moandeitemoarn betiid in man betrape doe't dy in auto fernielde. De plysjeman wie nei syn tsjinst ûnderweis nei hûs. Op de Europaleane seach hy dat in man in bân fan in auto lek stuts mei in mes. De fertochte, in 25-jierrige man fan It Hearrenfean, besocht dêrnei út te naaien op de fyts.

De plysjeman koe de Feanster noch oanhâlde. De 25-jierrige sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)