Fryske foarlêswike: pjutten krije Tomke foarlêzen

01 jun 2015 - 08:09

It is dizze wike de Fryske Foarlêswike. Goed 12.000 pjutten wurde dizze wike foarlêzen út de Tomke-boekjes. It tema is dit jier 'Hoi Tomke!'. It foarlêzen bart op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlden. Pakes en beppes, heiten en memmen en bekende Friezen dogge mei. Der wurdt ek foarlêzen yn streektalen, lykas it Hylpers, it Stellingwerfs en it Biltsk.

De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de Tomke-wurkgroep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)