42.000 Friezen wurde yninte

17 nov 2009 - 17:07

In lytse 42 tûzen Friezen wurde takom wike yninte tsjin de Meksikaanske gryp. It giet om bern yn de leeftyd fan seis moanne oant fiif jier. Neiste famylje fan bern jonger as seis moanne krijt dan ek in prik. Dy massale faksinaasje fan de GGD is op 15 lokaasjes yn de provinsje.

Op de eilannen binne aparte priklokaasjes. Yn de measte gefallen wurdt der prikt yn sporthallen yn de wat gruttere plakken yn de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)