Piet Paulusma ferwachtet flink waarme simmer

01 jun 2015 - 07:48

It wurdt in flink waarme simmer. Dat seit waarman Piet Paulusma yn syn foarsizzing foar it simmerwaar. Juny ferrint nei alle gedachten wat wikseljend, july en augustus wurde waarmer as gemiddeld. Mar der binne ek dagen mei flinke buien mooglik.

Moandei begjint de meteorologyske simmer. Wêr't oare jierren benammen july in flink waarme moanne is, wurdt de waarmte no wat mear spraat, tinkt Piet.

Trefwurden: 
Piet Paulusma waar waarm simmer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)