PvdA yn SWF: stypje moasje tsjin winning skalygas

31 maaie 2015 - 13:11

De PvdA yn Súdwest-Fryslân wol dat boargemaster en wethâlders fan dy gemeente in moasje stypje tsjin de winning fan skalygas. De moasje wurdt de kommende wike behannele by in kongres fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten.

De moasje komt fan de gemeenten Boxtel en Noordoostpolder, dy't plannen fan minister Kamp foar de winning fan skalygas yn har gebiet keare wolle. Omdat de PvdA benaud is dat der op termyn mooglik ek skalygas yn Súdwest-Fryslân wûn wurdt, freget de partij boargemaster en wethâlders it ferset te stypjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)