Trio wint publykspriis Ljouwerter Strjitfestival

31 maaie 2015 - 11:29

De publykspriis fan it Ljouwerter strjitfestival is sneon wûn troch Eva van Welzenis, Willemijn Schellekens en Julien Knops. Se krigen de Van der Eemspriis foar har foarstelling 'Tweede verdieping'. It wie foar de trije foar it earst dat se in priis wûnen.

De priis waard har útrikt troch de Ljouwerter kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma. Publyk koe stimme fia formulieren en in app op de mobile telefoan. TukkersConnexion waard twad en Dancing Graffiti tred. De twadde dei fan it festival luts in soad besikers. Snein is de lêste dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)