Longerhouster bedriget man mei mes

31 maaie 2015 - 10:23

De plysje fertinkt in ynwenner fan Longerhou fan bedriging. De 29-jierrige man soe yn Skettens in ynwenner fan Makkum mei in mes bedrige hawwe. Dat die er op strjitte, wêrom is noch net bekend. De man út Longerhou is oanhâlden, hy hie twa messen by him. Hy is fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje mes bedriging Skettens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)