Trio oppakt mei soad drugs yn auto

31 maaie 2015 - 08:45

Yn Hurdegaryp hat de plysje sneontenacht trije mannen oppakt dy't goed 400 gram harddrugs by har hienen. It trio foel de plysje op doe't se mei har auto hiel hurd rieden op de Anne Vondelingweg. By kontrôle fûn de plysje tsientallen boltsjes kokaïne by in ynsittende. Yn de wein fûn de plysje neist de al neamde harddugs ek amfetamine en himp. Ek lei der munysje en in grut bedrach oan jild.

De Ljouwerters (24 en 27 jier) en in Gordykster (33) binne meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk. De bestjoerder hie dronken. Syn rydbewiis is ynnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)