Frank Wierstra wint De Harkema, Jan Bos it pompeblêd

31 maaie 2015 - 00:55
  • Frank Wierstra
  • Jan Bos

Frank Wierstra fan Burgum hat sneontejûn it kritearium fan De Harkema, de twadde dei fan de Pompeblêd twadagen, wûn. Henk Bos fan Drachten waard twadde, Jan Bos fan Bontebok tredde. Mei syn tredde plak yn Gerkeskleaster op tongersdei is Jan Bos de winner fan it gouden pompeblêd.

Yn De Wijk wiene de hurdfytsfroulju yn koers. Leonie Lubbinge fan Drachten wûn by de froulju, Eline Oosterwoud fan Oerterp by de junioaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)