Junior Sytse Bokma ljept alle topklassers derút

30 maaie 2015 - 23:44

Sytse Bokma fan Hylpen ljepte sneontejûn op It Heidenskip nei de fierste ôfstân fan de jûn. Mei in prachtich persoanlik rekôr fan 19.62 wie er alle topklassers de baas. Topklasser Thewis Hobma wûn mei in meagere 18.95 by de senioaren. Oane Galama waard twadde mei 18.91. By de froulju wûn Marrit van der Wal mei in nij skânsrekôr fan 16.55. Jos Bethlehem wie mei in pr fan 15.64 de bêste by de jonges, Sigrid Bokma wie mei 14.80, ek in pr, de bêste by de famkes.

De prestaasje by de froulju fan Marrit van der Wal is opmerklik. It is noch mar de tredde wedstriid dit seizoen, mar mei har 16.55 bliuwt de Heidenskipster mar twa sintimeter ûnder har eigen Fryske rekôr. Har grutte doel is en bliuwt om foar it earst de magyske grins fan 17 meter te trochbrekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)