Twa kear goud Manon Kamminga, Mark Horsten ien kear

30 maaie 2015 - 21:15

Manon Kamminga hat op it NK inline skaten (skeelerjen) op de baan fan Purmerend har earste gouden plakken binnen. De ynwenster fan It Hearrenfean wûn de 500 meter en de ôffalkoers. It wie har fiifde titel op rige yn de ôffalkoers. Irene Schouten waard twadde, Bianca Roosenboom tredde. Op de 500 meter stiene Roosenboom en Elma de Vries oan wjerskanten fan Kamminga.

By de manlju prolongearre Mark Horsten (ek It Hearrenfean) syn titel op de ôffalkoers. Syn ploechmaat Karlo Timmerman waard twadde, Ingmar Berga tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)