Unnedige syktocht nei boatsje op Hegemermar

30 maaie 2015 - 15:31
  • Wetterplysje (argyffoto)

Op de Hegemermar by Heech is sneontemiddei in Valk-sylboatsje omslein troch de hurde wyn. De opfarrenden binne fuort rêden troch minsken op in oare boat, mar dat waard net trochjûn. Dêrop krige de brânwacht de melding fan in lege sylboat op it wetter. De helptsjinsten kamen te plak, mar krigen doe te hearren dat in hoarekagelegenheid witte litten hie dat de opfarrenden fan de omsleine sylboat by har sieten om by te kommen fan de skrik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)