Foarferkeap iepenloftspul Jorwert giet los

30 maaie 2015 - 15:18

De foarferkeap fan it iepenloftspul fan Jorwert is sneon begongen. Dit jier is keazen foar it stik 'Augustus'. It is de Jorwerter bewurking fan it stik August Osage County fan Tracy Letts. Yn it stik komt in útinoar fallen gesin Westra by elkoar nei it ferstjerren fan heit. Hoewol't it in tiid fan rou en oertinken wêze moat ûntaardet it wersjen al gau yn rûzje. De premjêre fan Augustus is op sneon 22 augustus.

Trefwurden: 
Jorwert Iepenloftspul
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)