Yn Hoogeveen oppakte oplichters mooglik ek aktyf yn Fryslân

30 maaie 2015 - 13:54
  • Plysje

De twa fertochten dy't troch de plysje yn Hoogeveen oanhâlden binne fanwege it oplichten fan hotels en de ferhierders fan fakânsjewenten, hawwe mooglik ek yn Fryslân aktyf west. It giet om twa manlju fan 38 en 32 jier dy't gjin fêst wen- of ferbliuwplak hawwe. De plysje pakte de beide mannen op doe't se yn Odoorn in hotel boekt hiene, mar sûnder te beteljen fuortgien wiene. Se diene harren foar as wurknimmers fan in bedriuw. Se soene ek op oare plakken net betelle hawwe yn hoarekagelegenheden en boarch opstrutsen hawwe fan fakânsjewenten.

Wis is dat de beide manlju slachtoffers makke ha yn Limboarch, Gelderlân, Oerisel en Drinte, mar wurdfierder Wouter de Vries fan de plysje ropt ek mooglike Fryske dupearren op om har by de plysje te melden.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)