Pieter-Jan Postma wint Delta Lloyd Regatta yn Finn-klasse

30 maaie 2015 - 12:55

Pieter-Jan Postma hat foar de earste kear yn syn karriêre de Delta Lloyd Regatta wûn. Yn de medaljerace waard de Fryske Finn siler twadde. De winst yn de finale wie foar de Italiaan Michele Paoletti. Yn de einstân hat Postma in romme foarsprong op de konkurrinsje. Yn de hiele searje wie in sechsde plak syn minste resultaat. Pieter-Jan Postma waard fierder fjouwer kear earste, ien kear twadde, in kear tredde en fjirde. Mei syn einskoare fan 17 punten bleau er de Australiër Jake Lilley 16 punten foar. Josh Junior fan Nij-Seelân waard tredde.

Trefwurden: 
Pieter-Jan Postma silen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)