Polityk skrikt fan behanneling Hongaarske izerflechters

30 maaie 2015 - 12:44
  • Sa komt it akwadukt derút te sjen

De PvdA-Ljouwert is bot skrokken fan de berjochtjouwing yn de media dat Hongaarske izerflechters swier ûnderbetelle binne by de oanlis fan it akwadukt by de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. Se ha hjiroer fragen steld oan it kolleezje fan b. en w. fan de gemeente Ljouwert.

De PvdA wol witte oft it kolleezje kennis naam hat fan it rapport fan de ynspeksje en hoe't se de konklúzjes ynterpretearje. Se wolle ek witte hoe't de ferantwurdlikheid fan de gemeente Ljouwert hjiryn is en wat de stappen binne dy't it kolleezje nimme sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)