Oranjewoud Festival lit Oranjewâld swinge

30 maaie 2015 - 12:33

Oranjewâld stiet fan tongersdei oant en mei snein fjouwer dagen lang bol fan de muzyk. Topmusisy, mar ek nijkommers litte har op ferskillende lokaasjes fan Oranjewâld hearre. Dy lokaasjes binne tunen, lânhuzen, mar besikers kinne ek in konsert hearre wylst se yn it swimbad lizze. It lêste konsert is sneintemiddei mei it fergese Prinsenwijkkonsert mei de Holland Baroque Society en jazztrompettist Eric Vloeimans.

Nei ôfrin fan it festival giet Opera Spanga noch fierder.

Nij ûnderdiel fan it festival is dit jier de Proeftún, dêr kinne minsken de hiele dei genietsje fan lekker iten, koarte optredens, berne-aktiviteiten en noch folle mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)