Man mishannelet freondinne yn Sint-Anne

30 maaie 2015 - 10:37

Yn Sint-Anne is freedtemiddei in 35-jierrige man oanholden foar mishanneling fan syn freondinne. De frou is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De fertochte wie ûnder ynfloed fan alkohol. Hy trape ek noch tsjin in auto oan.

Dêrnei is de man nei it hûs fan syn skoanmem gien en hat dêr de ruten fernield. Doe is de man oanholden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)