Keunstwurken Jentsje Popma ferkocht foar Nijkleaster

30 maaie 2015 - 08:55

Belangstellenden foar keunstwurken fan de 93-jierrige Fryske keunstner Jentsje Popma kinne sneon en snein harren slach slaan. Beide dagen is it atelier fan Popma oan it Suderplein yn Ljouwert iepen en wurde syn keunstwurken ferkocht. Op dizze wize earet Popma de Stichting Nijkleaster yn Jorwert. De opbringst is foar dizze Stichting, dy't bydrage sil oan de bou fan in echt kleaster, in sintrum foar besinning en meditaasje.

Jentsje Popma is foaral bekend fan skilderijen mei dêrop it Fryske lânskip. Hy is der sneon en snein sels ek by.

Mei de ferkeap komt in ein oan it atelier fan Jentsje Popma. De stichting hat twa miljoen euro nedich om it kleaster yn Jorwert fan de grûn te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)