Deinum krijt strjitferljochting út '42 foar 'Anne Frank'

29 maaie 2015 - 20:27

It Iepenloftspul Deinum, dat dit jier 'It deiboek fan Anne Frank' spilet, hat in bysûnder dekôrstik op 'e kop tikke. Foar de foarstelling sil de orizjinele strjitferljochting brûkt wurde dy't yn 1942 oan 'e Prinsegrêft yn Amsterdam stie. De ferljochting stiet yn 'e opslach. De foarstelling fynt plak yn 'e iepen loft yn Deinum neist it spoar. It lit it libben fan Anne Frank sjen yn in neiboud Achterhuis en it jout in byld fan it libben op strjitte yn Amsterdam yn 'e oarloch.

De earste foarstelling wurdt op freed 12 juny spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)